Fytstocht yn 2009:

Op sneon 5 septimber wolle wy in fytstocht yn ’e omjouwing fan Wytgaard hâlde foar stipers en belangstellenden fan de Stúdzjerûnte.
De minsken dy’t dêr belangstelling foar hawwe, wurde om 14 oere by de Roomske Tsjerke yn Wytgaard ferwachte. Mei syn allen starte wy dan efkes nei 14 oeren.
De hear Minne Hoekstra sil hjir en dêr by histoaryske plakken taljochting jaan.
It earste doel leit westlik fan Wytgaard en is Tjissemastate. Oer de Fopma’s reed fytse we werom en geane dan súdlik nei It Noardein. Dêrnei wer westlik nei Weiwiske. Ta beslút in slach nei it noarden troch Wytgaard hinne nei Oenemastate. Hjir komme we byinoar en kinne we noflik wat drinke en neipetearje.