Aktiviteiten
Públikaasje yn tarieding
Sûnt oktober 2009 wurket Sjoerd Kuperus oan it públisearber meitsjen fan de autobiografy fan D.W. Hellema (1766-1856): KORTE SCHETS of LEVENSGESCHIEDENIS van D. W. HELLEMA, eerst onderwijzer te Wanswerd, daarna te Wirdum, wijders ontvanger der Directe belasting en Accijns en beschreven door denzelven.
Jierlikse aktiviteiten sûnt 1992
2011
Op tongersdei 17 novimber om 20.00 hold Aly van der Mark foar de leden fan Stifting it Sudertrimdiel in lêzing oer de túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp en syn tunen yn Wurdum.
Op tongersdei 9 juny 20 oere wie yn de boppeseal by Duhoux yn Wurdum foar de Stúdzjerûnte in lêzing. Mefrou Mariëlle Kenemans beliedsadviseur (Argeology) by de gemeente Ljouwert hold in ynlieding oer it argeologysk en oar histoarysk erfgoed fan it gebiet súdlik fan it Van Harinxmakanaal (en Drachtsterplein e.û.).
Op tongersdei 13 jannewaris 2011 om 20.00 oere hat Rients Faber histoaryske ljochtbylden fan Huzum sjen litten, in praatsje by in plaatsje. It wie in noflike gearsit. Der wienen sa’n 20 minsken. It wie foar it earst dat we in eigen beamer brûkten.
2010
Op sneontemiddei 16 oktober 2010 hat de Stúdzjerûnte in ekskurzje organisearre nei it tsjerkhôf fan Swichum. De hear Minne Hoekstra hat hjir in taljochting jûn. Nei ofrin hawwe we noch in noflike gearsit hân yn de tsjerke fan Swichum.
Op sneontemiddei 15 maaie 2010 hat de stúdzjerûne It Sudertrimdiel in ekskurzje nei de tsjerkhôven fan Goutum en Himpens organisearre. It doel wie om nei te gean oft ús dêr bysûndere grêven opfoelen op de hôven fan dy twa plakken. Om 14 oere sammele it folk harren by de tsjerke fan Goutum. It waar wie noflik foar in fytstocht. Op it hôf fan Goutum herkenden ferskate lju nammen fan bysûndere minsken. De koster wie op it hôf en iepene de tsjerke sadat de ekskurzjeminsken genietsje koenen fan de fraaie restauraasje fan it ynterieur fan ’e Goutumer tsjerke.
Tsjin trijen fytste de ploech nei Himpens dêr’t Johan Sikken harren by de tsjerke opwachte. Sikken fertelde oer it hôf en de ynventarisaasje fan ’e stiennen dy’t der west hie. Ek koenen we hjir it tsjerkje fan binnen efkes besjen. It waard sa in tige slagge ekskurzje foar tsien minsken fan ’e Stúdzjerûnte: Gjalt Jelsma, Minne Hoekstra, Jaap de Boer, Margje Kuipers, Chris Visser, Meindert Tangerman, Durk Heddema, Syb Grijpstra, Johan Sikken en Rients Faber. In soad opmerklike grêven waarden mei help fan de digitale kamera fêstlein.
Op freedtejûn 9 april 2010 organisearret de stúdzjerûne It Suderdtrimdiel in lêzing yn ’e boppeseal fan kafee Duhoux yn Wurdum om 20 oere. De lêzing wurdt fersoarge troch Wiebe Hoekstra en hat as titel Skiednis fan pleatsen yn Fryslân, yn ‘t bysûnder it Sudertrimdiel.
Wiebe Hoekstra is de skriuwer fan it koartlyn ferskynde boek Boerderijen in Friesland. Hoekstra gong yn op de skiednis fan de boerepleatsen yn Fryslân. Pleatsen yn it Sudertrimdiel krije yn it bysûnder omtinken fan Hoekstra.
2009
Op sneon 5 septimber wie der in fytstocht yn ’e omjouwing fan Wytgaard foar stipers en belangstellenden fan de Stúdzjerûnte.
Op tongersdei 8 jannewaris hat Sjoerd Cuperus in lêzing holden by Duhoux yn Wurdum oer syn boek "de zuidlanden 2000 JAAR ROND HET ALDDJIP."
2008 en 2007
Gjin aktiviteiten.
2006
Op freed 2 juny 2006 wie de feestlike presintaasje fan de útjefte fan it hânskrift Geschiedkundige Bijzonderheden betrekkelijk den Dorpe Huizum (H. Wesselius; 1753-1828). De presintaasje wie yn 'e doarpstsjerke fan Huzum tusken 16.00-17.00 oere. Sjoerd Kuperus hold de feestrede.
2005
Op 17 febrewaris, de juns 8 oere, hold Rients Faber by Duhoux yn Wurdum in lêzing oer de Huzumer dokter en Frysk dichter en taalkundinge dr. L.C. Murray Bakker.
2004
Op 14 septimber wie der in histoaryske fytstocht yn en om Wurdum. Der waard útlis jûn troch de hear M. Hoekstra.
2003
Op 5 juny de jûns hat de hear K. Zandberg in ferhaal holden by Dyhoux oer de Monumentendag 2003. Hy ferhellet sawol oer de buorkerijen (pleatsen) as de kuiertochten dy't holden wurde.
2003
Yn 18 desimber hat de hear N. Verdonk, supervisor fan it Projektburo de "Zuidlanden", by Duhoux yn Wurdum ferhelle oer de plannen mei de "Zuidlanden" en Techum.
2002
Op moandeitejûn 11 desimber hat dr. Hans Mol in lêzing holden by Duhoux yn Wurdum oer de relaasje fan Barrahûs mei it midsieuske kleaster yn Burgum en de besittings fan dat kleaster yn it Sudertrimdiel.
2001
Op 12 maaie fersoarge de hear T. van der Meer in rûnlieding yn 'e Herfoarme tsjerke fan Wurdum.
Op freed 14 desimber, de jûns om 8 oere, hat de hear Richard Exaltus in lêzing holden yn it doarpshûs De Golle yn Wurdum oer argeologyske fynsten yn it Sudertrimdiel.
2000
Op 29 april fersoarge de hear T. van der Meer in rûnlieding yn 'e Herfoarme tsjerke fan Huzum.
Op freed 16 juny wie de presentaasje fan De Tegenwoordige Staat van Wirdum op de Hellema-pleats by Wurdum. De hear Arno Brok, wethâlder fan Ljouwert naam it earst eksimplaat yn untfangst.
Op freed 17 novimber 2000, de jûns om 8 oere, hat de hear J. Mulder in ferhaal holden yn it doarpshûs De Golle yn Wurdum oer de skiednis fan in tal pleatsen om Ljouwert hinne.
1999
Yn 'e maaitiid fan organisearre De Stúdzjerûnte in ekskurzje nei de Herfoarme tsjerke fan Goutum. De rûnlieding waard fersoarge troch de hear Hartkamp, koster fan 'e tsjerke .
De rûnte hold op tongersdei 18 novimber, de jûns 8 oere, yn de lytse seal fan doarpshûs De Golle yn Wurdum in gearkomste. Mefr. Janne ter Horst-Dijkstra fan Goutum hold in diapresintaasje oer de eartiidse Feitsmapolder (60-tiger jierren) ûnder Huzum.
1998
Op tongersdei 10 desimber, de jûns om 8 oere, hat de hear Gilles de Langen in lêzing holden yn it doarpshûs De Golle yn Wurdum oer de opgravings yn Tearns en Himpens dy't koartlyn holden binne.
1997
Op 3 april hold ús doetiidske skriuwer Henk Nota in lêzing yn it Tsjinstesintrum "It Kleaster" yn Wytgaard oer it eardere bisdom Ljouwert (1580).
Op tongersdei 2 oktober fersoarge de Stúdzjerûnte in lêzing yn it ferieningsgebou "Unitas" yn Wurdum oer de restauraasje fan de tsjerke fan Swichum mei de hear G. Elzinga as sprekker. Elzinga is foarsitter fan de Stifting Âlde Fryske Tsjerken en hy wie earder argeolooch by it Frysk Museum.
1996
Op freed 4 oktober wie der in dia-jûn yn it Tsjinstesintrum "It Kleaster" yn Wytgaard. De hearen J. en M. Hoekstra út Wurdum en H. Nota út Wytgaard lieten dia's sjen oer âld en nij Wurdum, Wytgaard en Swichum.
Op tongersdei 22 febrewaris 1996 wie der yn Wytgaard in mienskiplike gearkomste fan de Documentatiestiching Leeuwarderadeel en de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel.
1995
Yn it Tsjinstesintrum "It Kleaster" yn Wytgaard wie op 5 oktober in dia-fertoaning. De hear S. Grijpstra mei Âld Huzum en de hear H. Nota mei Oenema-state.
Op 2 maart wie der in jûn yn it Tsjinstesintrum "It Kleaster" yn Wytgaard dy't yn it teken stie fan de útwikseling fan gegevens en fotomateriaal fan de leden.
1994
Yn it Tsjinstesintrum "It Kleaster" yn Wytgaard hold op 13 oktober de hear G. Elzinga, âld provinsjaal argeolooch, in lêzing oer terpen en argeology.
Op de algemiene ledengearkomste fan 22 febrewaris waard in film fertoand oer âld Wurdum troch de bruorren Hoekstra.
1993
Op 7 oktober hold de hear dr. J. Mol, meiwurker fan de Fryske Akademy, in lêzing oer de testaminten fan foar 1550 yn it Sudertrimdiel, yn it Tsjinstesintrum "It Kleaster" yn Wytgaard.
Op 29 juny waard de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel by notariële akte offisjeel in stifting.
1992
Op tongersdei 15 oktober waard der yn it Documentatie Centrum voor Rooms Katholiek Friesland yn Wytgaard in rûnlieding fersoarge troch de hear Henk Nota.
Op in gearkomst fan de Stúdzjerûnte Skiednis doarp Huzum waard op 27 febrewaris besocht om te kommen ta gearwurking mei de oare doarpen út it súdlik part fan de gemeente Ljouwert. In moanne letter, op 26 maart 1992, waard de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel oprjochte.