Gjalt Jelsma
Ta de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel
It Sudertrimdiel is it súdlike part fan de eardere gemeente Ljouwerteradiel, dêr’t it noardlike part fan bestiet út it hjoeddeistige Ljouwerteradiel mei haadplak Stiens en dêr’t it súdlike part fan yn 1944 by de gemeente Ljouwert yndield wurden is. Dat súdlike part of it súdlike tredde diel fan Ljouwerteradiel bestiet út de doarpen Huzum. Goutum, Tearns, Himpens, Swichum, Wurdum en Wytgaard.
Untstean
De Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel kin mei rjocht en reden in lokaal-histoarysk inisjatyf neamd wurde: it is in rûnte dy’t fan ûnderen opkommen is en dy’t in brede basis hat yn it súdlike part fan de gemeente Ljouwert.
De foarrinder fan de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel wie de Stúdzjerounte Skiednis Doarp Huzum, dy’t bestie tusken 1978 en 1992. Dy rûnte bestie út in ploechje minsken ( ± 10) dy’t niget hiene oan pleatslike skiednis en dêr elk op har eigen wize stúdzje fan makken. Ta dy ploech hearden û.o. Oepke Santema dy’t him yn ’t bysûnder talei op pleatslike skiednis troch hiel Fryslân hinne en P. Smeding, dy’t bekend is fan de túnbouskiednis, ek yn ’t bysûnder fan Huzum, dat in typysk túnboudoarp wie.
De aktiviteiten bestiene út: twa kear it jier byelkoar komme, dêr’t meast dan ien fan de leden op ’e tekst wie oer in ûnderdiel fan de skiednis fan Huzum. It wiene benammen húskeamergearkomsten: it praten oer Huzum en it útwikseljen fan gegevens stiene foarop.
De aktiviteiten fan de rûnte wurde yn de rin fan de 80-er jierren lykwols hurd minder: der falle leden by wei en it rekket yn it slop.
Dêrom wurdt, begjin ’90-er jierren, besocht om de rûnte op ferskillende manieren te ferbreedzjen:
- geografysk, troch de swetten út lizzen nei it hiele Sudertrimdiel. Efterlizzende idee wie dêrby dat troch bondeljen fan krêften - der wiene al kontakten mei lju út Wurdum en Wytgaard - in steviger basis foar te ûntwikkeljen aktiviteiten lein wurde kinne koe. In sterkere profilearring as plattelânsgebiet tsjinoer de sted Ljouwert, waard ek as in bykommend foardiel sjoen;
- nije minsken oan te lûken, dêr’t fan bekend wie dat sy ynteressearre wiene yn lokale skiednis en ek wol mei lokaal en regionaal ûndersyk dwaande wiene.
Oprjochting Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel
It slagge om der in stikmannich minsken yn te beheljen dy’t nije ympulsen jaan kinne soene. Yn 1992 wie it dan safier dat de Huzumer rûnte omset waard yn de Stúdzjerûnte It Sudertrimdiel. Binnen in pear jier kamen de folgjende aktiviteiten te stân:
- de rûnte waard omsetten yn in stifting mei in bestjoer foar it regeljen fan de deistige saken;
- der waard in redaksje ynsteld dy’t him foarnaam om ien kear yn de twa jier mei in boekje te kommen, mei bydragen oer de skiednis fan it Sudertrimdiel. De idee derefter wie om de leden fan de rûnte publikaasjemooglikheden te bieden en de ynteresse by de minsken yn de skiednis fan it Sudertrimdeil te befoarderjen;
- twa kear yn ’t jier wurde tenei gearkomsten holden dy’t foar elkenien tagonklik binne, mei in ynlieding oer in skiednisûnderwerp dat spilet yn it Sudertrimdiel. De idee dêrefter wie dat minsken mei niget oan de pleatslike skiednis yn in noflike sfear ynteressen útwikselje kinne;
- der waarden kontakten lein mei lyksoartige “rûnten”, lykas de Documentatiestichting Leeuwarderadeel (it Noardertrimdiel) en de Studiegroep Geschiedenis Leeuwarden, no Leeuwarder Historische Vereniging Aed Levvert . Mei as doel om mei lyksoartige ferienigings yn ’e kunde te kommen en om te sjen wat dy by de ein ha.
Yn de rin fan de tiid (tusken ’92 en no) hawwe al dy aktiviteiten, de iene faaks wat minder as de oare, har trochinoar aardich geunstich ûntjûn. De aktiviteiten dêr’t de rûnte it meast fan bekend wurden is en him meast troch profilearre hat, wiene dochs wol de boekjes dy’t útkamen yn de saneamde Sudertrimdiel-rige.

Fan begjin ôf oan is dêrfoar in formule keazen, dy’t bliken dien hat oan te slaan by in breder publyk. Dy formule kaam del op:
- in yn ferhâlding grut tal koarte bydragen om it ferskaat sa grut mooglik te hâlden en it dêrmei foar sa folle mooglik minsken oantreklik te hâlden;
- in grut tal ûnderwerpen dy’t mei de skiednis fan it Sudertrimdiel te krijen ha. Bygelyks: artikels nei oanlieding fan argeologysk ûndersyk y.f.m. útwreidingsplannen fan Ljouwert, histoarysk-geografyske ûndersiken (rekonstruksje âlde rin fan de Potmarge), skiednis fan de 19de en 20ste ieu (arbeidersbeweging Huzum), lokalisaasje fan âlde staten of oare histoaryske eleminten, bygl. Abbingastate, de mûnen by Winiaherne, ensfh.;
- net yngeand wittenskiplike artikels, mar wol ferantwurde, d.w.s. ferifiearber en ta stân kommen op grûn fan nij ûndersyk of nije fynsten en mei in logysk foar elk nei te kommen opset. Fierders as it heal kin beskreaun yn it ramt fan de regionale skiednis;
- útjeften, dy’t op in oantreklike wize foarmjûn binne: mei in soad funksjonele yllustraasjes (autentike foto’s en dúdlike en ferdúdlikjende kaarten en tekeningen).
Dy opset slagge aardich. De útjeften sprutsen in breed publyk oan: de oplage wiene trochinoar 400 à 500 en binne sawat allegear útferkoft rekke. Se waarden út soarte it meast ferkoft yn de omkriten: Ljouwert, Huzum en Wurdum, mar der kamen ek in soad bestellings út de rest fan Nederlân, fan âld-Huzumers of âld-Sudertrimdielsters.
Yn 2002 is spitigernôch in ein kommen oan de rige fan boekjes yn de Sudertrimdiel-rige. Dêrnjonken waarden út en troch dieltsjes útjûn yn de Stúdzjerûnte-rige : in rige foar boarnestúdzjes en spesjalistyske stúdzjes dy’t net earder útjûn wiene. In trijetal tusken 1996 en 2006. Dy giene oer Huzumer nammen: in oersjoch fan toponimen fan it doarpsgebiet fan Huzum, de Tegenwoordige staat van Wirdum: in beskriuwing fan gebouwen en bewenners fan Wurdum troch Doeke Hellema yn 1823/24 en de Geschiedkundige bijzonderheden betrekkelijk den dorpe Huizum: in beskriuwng fan de skiednis fan Huzum troch dû. Wesselius yn 1801.
De oare aktiviteit fan de rûnte bliuwt it hâlden fan gearkomsten foar in breed publyk yn bygelyks it doarpskafee fan Wurdum of earne yn Huzum: gearkomsten mei in ynlieding fan in sprekker oer in histoarysk ûnderwerp.
Sa binne ynliedings fersoarge oer de risseltaten fan argeologysk ûndersyk of in jûn mei dia’s fan Aldlân foardat de nijbou dêr plak fûn. De lêste kear waard in ynlieding holden oer de skiednis fan Techum, troch Sjoerd Cuperus (2009).
Fierder wurde út en troch ekskurzjes holden, bygl.: “argeologyske” fytstocht yn de omkriten fan Himpens/Tearns, besiten oan de tsjerken fan Goutum, Wurdum en yn 2009 noch in fytstocht nei pleatsen om Wytgaard hinne.
De gearkomsten falle oer ’t generaal yn ’e smaak. It tal besikers is trochinoar 15 à 30 en karakteristyk is foaral de ynformele en smûke sfear, mei direkte ynterrupsje tusken publyk en sprekkers. Sprekkers wurde gauris ûnderbrutsen mei oanfoljende weetsjes en nijsgjirrichheden. Op sokke gearkomsten is te merkbiten dat de skiednis fan it eigen gea libbet yn de oanbelangjende doarpen.
Geandewei ûntwikkele him noch in oare aktiviteit: op in stuit moast fêststeld wurde dat it saneamde ûnderwerp fan stúdzje, it histoarysk groeide lânskip, bedrige wurdt of drige ferlern te gean. Dat brocht it besef mei dat de rûnte ek in ferantwurdlikheid hie om him yn te setten foar it sa folle mooglik behâlden fan it histoarysk groeide lânskip (pleatsen, oare bebouwing, wegen en argeologysk grûnargyf ynbegrepen).
Dat is dien troch troch kontakten te lizzen mei de stêdeboukundige tsjinst fan de gem. Ljouwert (± 1995) dy’t ferantwurdlik is foar de plannen foar Ljouwert-Súd. As risseltaat fan dy petearen is doe ôfpraat dat tenei mei argeologysk weardefolle plakken yn de plannen rekken hâlden wurde sil en yn alle gefal it gebiet earst ûndersocht wurde moat op argeologysk weardefolle plakken en steeën. Uteinlik is dêr doe út fuortkommen dat RAAP (in argeologysk ûndersyksburo) yn ’t foar it plangebiet fan Ljouwert-Súd argeologysk ûndersocht hat, sadat histoaryske eleminten ynpast wurdekoene yn de plannen.
Fierder hat de rûnte de gemeente ûnderskate kearen advisearre oer de nammen foar de strjitnammen yn nije útwreidings.
By de aktiviteiten fan de Sudertrimdielrûnte giet it út soarte om frijwilligerswurk. moat wol by betocht wurde dat it allegear om frijwilligerswurk giet. Dat is ek de reden dat guon tiidslinende aktiviteiten soms op in sêft sin set wurde. Dat smyt de fraach op oft oparbeidzjen mei oare klubs of ynstellings dan net yn ’e reden leit. It andert dêrop is oant no ta noch altyd nee. Us ûnderfining is dat in profilearring as plattelânsgebiet fan de gemeente Ljouwert it meast oansprekt en it selsstannich funksjonearjen motivearjend wurket en nijsgjirrige aktiviteiten opsmyt.